Blokhutten/Stuga’s en in stakaravan
Op de kamping steane 14 trekkershutten fan ferskate ôfmjittings: foar 2, 3, 4, 5 of 6 persoanen.
Yn dizze hutten fine jo:
- bêden mei kessens en tekkens.
- Tafel mei stuollen
- Kuolkast
- Itensiedersplaat en kofjesetapparaat
- Potten, pannen en servysguod
De stuga’s binne tige geskikt foar in oernachting tidens in trektocht troch Sweden, mar ek om der mear dagen yn te ferbliuwen.
De stakaravan hat deselde ynrjochting as de stuga’s.
Fakânsjehuzen Åsjön & Skruven
Dizze 4 oant 6 persoans fakânsjehuzen mei in prachtich útsjoch oer it mar Åsjön en it mar Skruven lizze flak by de kamping sadat jo ek eltse moarn genietsje kinne fan de farske broadsjes fan de kamping.
Hûs Åsjön: Dit folslein ynrjochte hûs is fersjoen fan in wenkeamer, keuken, twa baaikeamers, húske en boppe twa sliepkeamers. Fierders is der by it hûs ek in roeiboat oanwêzich. Yn it mar fan Åsjön sit in soad swietwetterfisk. Yn it mar Skruven kinne jo benammen fiskje op reinbôgeforel. It Hûs Åsjön is ek te hier yn de wintermoannen.
Hûs Åsjön is yn it heechseizoen allinnich foar in wike te hier. Yn it leechseizoen kin it ek boekt wurde foar in lang wykein of in midswike.
Hûs Skruven
kin ek foar in dei hierd wurde en is fersjoen fan in wenkeamer, keuken, húske en boppe twa sliepkeamers. De brûs sit yn it aparte romte njonken it hûs op sa'n fiif meter ôfstân.
Foar boekingen en neiere ynformaasje kinnen jo e-maile nei: info@spilhammarscamping.com














