Mariannelund, der is altiten wat te dwaan.
Mariannelund leit op fytsôfstân fan de kamping. It is in lyts doarp dêr’t dielen fan de âlde bebouwing noch folslein yntakt binne. It doarp hat sa’n 1600 ynwenners en der binne twa supermerken (ICA en Konsum), in sûnenssintrum, mei in apoteek, in bank dêr’t jo jild opnimme kinne, in benzinestasjon, in biblioteek mei toeriste-ynformaasje (mei tagong ta in kompjûter), in pizzeria, in restaurant en in kafetaria. Ek stiet der noch in snobbersguodfabryk, de Karamelkokeri yn it doarp.
Minigolf
De minigolfbaan fine jo by it restaurant Sommartorpet, dit is op sa’n 20 meter ôfstân fan de kamping.
Kano's en roeiboatsjes
De kano’s en/of roeiboatsjes kinne jo hiere by de kamping, dit foar in prachtige tocht oer de marren. Jo kinne dan genietsje fan de rêst fan dizze moaie wetterkes, miskien krekt efkes in angeltsje útsmite of, wa wit, de wylde bisten op de wâl begluorkje.
Kuierpaden yn it bosk
Op de kamping binne hiel aardige (kuier-)rûtes oanjûn dy’t sa’n 2.5, 5 of 10 kilometer lang binne. De paden rinne lâns de markes Skruven en Fagersjön. De paden binne markearre troch ferskate kleuren.
Kuiertochten
Jo kinne de kuiertochten Höglandsleden of Sevedeleden begjinne of einigje op ús kamping. Klik hjir foar neiere ynformaasje oangeande dizze kuiertochten
Sevedeleden
De mooglikheid bestiet om dizze tocht yn 3 etappes te rinnen fan de kamping ôf. Jo kinne foar it oernachtsjen in plak of in hutte hiere op de kamping en eltse dei in etappe rinne. Wy helje jo dêrnei op fan it einpunt fan de etappe en bringe jo de dei dêrop nei it begjinplak fan de folgjende etappe.
Dizze service is der allinnich fan 1 maaie ôf oant en mei 15 juny en fan 20 augustus ôf oant en mei 30 septimber (leechseizoen)
Wolle jo gebrûk meitsje fan ús helje- en bringtsjinsten, dan graach yn’t foar efkes kontakt mei ús opnimme. De kaart fan de kuiertocht is fergees te krijen op’e kamping.
Fiskje
Yn it mar Skruven is it mooglik om op salm en forel te fiskjen. Yn de neistlizzende marren fan de kamping kinne jo fiskje op alderhande swietwetterfisken. In fiskakte is te keap op de kamping, by it benzinestasjon en it toeristeburo yn it doarp.
www.mariannelundsfiskeklubb.se
Pelarne kyrka
Dit houten tsjerkje fine jo yn it doarp Pelarne, sa’n 10 kilometer fan Mariannelund.
Klik hjir foar neiere ynformaasje oangeande dit houten tsjerkje
Snobbersguodfabryk
Klik hjir foar neiere ynformaasje oangeande de snobbersguodfabryk
Vimmerby: dêr wêr’t Pipi Langkous wennet.
... dêr wêr’t Pipi Langkous wennet yn Villa Kakelbont en Emill’s Katthult is ... en alle oare persoanen dy’t betocht binne troch berneboekkriuwster Astrid Lindgren. Alles is hjir op skaal neiboud sa dat je hjir as bern de grutte minskewrâld belibje. Astrid Lindgren’s wrâld is dan ek spesjaal makke foar bern. Soks wol lykwols net sizze dat folwoeksenen har dêr net in dei fernuverje kinne.
Vimmerby : Astrid Lindgren’s Wrâld leit sa’n 18 kilometer fan de kamping.
Neiere ynformaasje fine jo op www.alv.se
Astrid Lindgrens Näs
Besjoch it hûs wêr’t Astrid wenne hat en wêr’t se as bern yn de limonadebeam klommen is.
Neiere ynformaasje fine jo op : www.astridlindgrensnas.se
Katthult
Hjir is de film fan “Emil van de Hazelhoeve” opnaam. Wa’t noch nea earder fan Emil heard hat, is dit de kans om neier mei dizze lytse dogeneat yn de kunde te kommen. Emil fán Lönneberga; de Pietje Bel of Kruimeltje fan Sweden.
Neiere ynformaasje fine jo op: www.katthult.se
Bullerbynn
Yn ús lân better bekend as de hûskes noard, midden en súd. Trije famyljes dy’t njonken mekoar wenje en wêrfan de bern alderhande aventoeren belibje. Jo kinne hjir as bern en âlders deselde aventoeren belibje en de filmset besjen. http://www.astridsbullerbyn.se
Skurugata
Dit is in natuergebiet yn de gemeente Eksjö. It is ien fan de meast bysûndere natuerfenomenen fan Súd Sweden. It gebiet leit op 40 kilometer fan de kamping. Hjir klikke foar neiere ynformaasje
Sweedske natoer
As jo ynteressearre binne yn de natoer, dan binne de heechlannen fan Smâlland it plak dêr’t jo perfoarst wêze moatte. Jo kinne fan de kamping ôf mei in roeiboatsje nei de kraanfûgels, in kuiertocht troch de bosken meitsje om elanden, foksen, dassen, ensafuorthinne te sjen. As jo op de goede plakken sykje, fine jo se grif. (freegje it ús).
Visans Skepp Storebro
Visans Skepp Storebro is in museum dêr’t jo ûnder oare sjen kinne hoe’t men yn it ferline in boat boude yn Sweden. Ek binne der grutte stienblokken delset yn de foarm fan in skip.
Hjir klikke foar neiere ynformaasje oer Visans Skepp Storebro
Fierdere nijsgjirrichheden en bysûnderheden yn de omjouwing:
- Grotten: Kleva Gruva www.klevagruva.se
- Sykje om goud: Guldvätska in Ädelfors www.guldstrom.se
- Elandenpark: Tuna/Virum www.virummoosepark.se
- Op it spoar fytse: Hultsfred www.smalsparet.nu
- 1000 jierrich iik: Kvillseken www.myra.nu
- Berchbeklimme: Trollegata/Trollevägga
- Museum: vliegtuig museum in Linköping www.sfhm.se
- Houtstêd: Eksjö: www.hoglandets-turism.se
- Kersraanderij: Ljusboden www.ljusbodenihult.se
- Grutte stien: Runkesten, 3 km. vanaf Mariannelund. http://www.vimmerbyturistbyra.se/en/experiencing/info/nature/51/runkesten.aspx














